Kûveuzes Snits wer frijjûn

14 jul 2004 - 15:06

De opnamestop op de kûveuze-ôfdieling fan it Antoniussikehûs yn Snits wurdt tongersdei opheft. De opnamestop waard ferline wike ynsteld, omdat op de ôfdieling de MRSA-baktearje fûn wie.

Troch de kûveuze-ôfdieling te ûntsmetten en it personiel better om de hygiëne tinke te litten, is de baktearje fuortwurke. De ekstra maat- regels bliuwe de kommende wiken noch fan krêft. Ek sil ekstra kontrolearre wurde op de MSRA-baktearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)