Hearrenfean - Club Brugge: 3-3

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean spile tiisdei syn earste serieuze oefenwedstriid fertsjinstlik mei 3-3 gelyk tsjin Club Brugge. Tsjin de nûmer twa fan België iepene nijeling Yildirim de skoare. In oare nijekommer, Klaas Jan Huntelaar, makke de oare beide Feanster doelpunten.
De wedstriid waard yn Kampen troch sa'n tûzen taskôgers besjoen. Dy seagen dat de ploech fan Gert Jan Verbeek benammen yn de twadde helte hiel aardich spile. Verbeek wie dan ek net ûntefreden.