Spoarwei-oergong Snits feiliger

14 jul 2004 - 12:44

Yn Snits wurde beskermjende maatregels nommen by de spoarwei-oergong oan de Parkstrjitte. It oerstekplak foar fuotgongers is no noch mei knipperljochten befeilige.

Takom wykein wurde de ljochten fer- fongen troch in saneamde AHOB, in Heal Automatsyke Oerwei-Boom. Boppedat komt der in stek te stean sadat fuotgongers net mear even hurd foar de trein del kinne. Ek by de Rûnwei Noard yn Snits wurdt it wykein oan it spoar wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)