Drylts wol skoarstien rêde

14 jul 2004 - 11:33

In tal Dryltsers hat him feriene yn it komitee 'Skoarstien Nooitgedagt Drylts' om de âlde piip fan it fabryk fan Nooitgedagt te rêden. De gemeente Wymbritseradiel hat in sloopfergunning oanfrege foar de skoarstien. De Dryltsers ha al positive reaksjes binnen fan Monumintesoarch en Hûs en Hiem. Ek dy wolle de piip wol hâlde.

De groep wol de positive reaksjes mei in pak oan oare arguminten op 15 augustus oanbiede oan de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)