Eling ynterimbaas stedswacht

14 jul 2004 - 10:48

In ynterim-direkteur moat de rêst werombringe by Stedswacht Fryslân. It giet om Willemien Eling, dy't Cita Brandsma opfolget. Brandsma fynt dat se har wurk net goed dwaan kin troch de besunigings en is no fuortstjoerd.

Troch besunigings is der in soad ûnrêst by de stedswachten, dy't ûnwis binne oer harren takomst. Yn Ljouwert moatte der 18 fan 'e 48 stedswachten út. Neffens Eling moat dúdlikheid de rêst wer werombringe by de stedswacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)