Brandaris sil Waadsee bestjoere

13 jul 2004 - 17:27

De fjoertuorren fan Skiermûntseach en Skylge bliuwe bemanne. Dy fan It Amelân en Texel ferlieze har bemanning mar sille noch wol brâne.

Minister Peijs woe earst alle fjoer- tuorren op de fiif waadeilannen sûnder personiel draaie litte. Nei oerlis mei de fiif eilannen is no oerienkommen dat de Brandaris op Skylge in hypermoderne seeferkearspost wurdt. Skylge en Skier bliuwe ek iepen om it frachtferkear nei Harns en Delfsyl goed te begelieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)