Boaiemproseduere tsjin Van Booma

© Omrop Fryslân
Menameradiel spant mooglik in boaiem- proseduere oan tsjin rekreaasjepark Schatzenburg. Eigner Van Booma ferhege in swimkaartsje nei 10 euro, omdat de gemeente gjin subydzje jout. Mei 10 euro is de priis kostedekkend en dêrom fûn de rjochter de priis terjochte.
De gemeente ferlear dêrmei de saak, mar lit it der net by sitte. Sy wolle no tsjûgen ynsette dy't belutsen wiene by de ferkeap en de ûnderhannelings dêroan foarôf.