NDC hat plannen foar in tabloid

13 jul 2004 - 17:07

De Noordelijke Dagblad Combinatie - de útjouwer fan ûnder oaren de Ljouwerter Krante - hat fiergeande plannen foar it meitsjen fan in tabloidkrante mei in soad omtinken foar aksjenijs, stjerren en ferdivedaasje. Omdat it begjinnen fan sa'n krante 55 miljoen euro kostet siket de útjouwerij om partners.

Op 17 maaie waard in proefnûmer makke ûnder de namme NL NWS. Yn 'e krante stie lykas yn 'e Ingelske tabloids in healbleate 'page three girl'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)