Bonnehos strang befeilige

13 jul 2004 - 14:58

De direksje fan it MCL yn Ljouwert nimt strange maatregels om it aanst lege Bonifatiushospitaal, ek wol MCL-Noard neamd, te befeiligjen. Op 22 july ferhuzet de lêste pasjint út it Bonifatius Hospitaal nei it MCL-Súd.

In grut stek om it âlde Bonnehos moat soargje dat minsken dy't der neat te sykjen hawwe, net by it sikehûs komme kinne. Ek sil in bewakingsbedriuw 24 oeren deis tafersjoch hâlde. De sloop set 1 septimber út ein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)