Noch hieltyd eangst oer ATF-brân

© Omrop Fryslân
Eangst en ûnbegryp spylje noch hieltyd in grutte rol by de belutsenen fan de ATF-brân yn Drachten. Dat die moandei bliken op in jûn oer it lêste ûndersyk troch de provinsje en de GGD.
Dat ûndersyk ûndersocht alle ûndersiken dy't der al ris west ha. De konklúzje is dat der foar minsken gjin bliuwende skea wêze moatte soe. Mar ek dat it fierder útsocht wurde moat. Mar op de ynfojûn kamen allegear minsken dy't dalik wol ûndersocht wurde woene.