AVO Wytmarsum bliuwt iepen

13 jul 2004 - 11:45

Wûnseradiel stelt jild beskikber foar útprosedearre asylsikers yn Wytmarsum. Mei it ekstra jild kin de Aanvullende Opvang foarearst iepen bliuwe. Stichting Flechtlingesoarch Wûnseradiel is bliid mei it beslút. As der gjin jild kommen wie, hiene de asylsikers op strjitte stien.

Gemeenten hawwe fan it Ryk tastimming krigen om sels needopfang te regeljen. It jild kinne se letter weromfreegje fan it Ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)