'Westen is stipe ferplichte'

© Omrop Fryslân
Ald-minister Langman fan Waskemar, de man fan it Langmanakkoart, fynt dat it Westen it oan it Noarden ferplichte is om de stipe troch te setten. "Grutte projekten yn it Westen, dêr't it noarden neat oan hat, wurde al jierren betelle út ierdgasopbringsten." De stipe is nedich om de wurkleazens te bestriden en achterstannen yn te rinnen. Langman seit bliid te wêzen dat de Twadde Keamer 'better neitinkt' as steatssiktaris Van Gennip.