Aksje foar Azerbeidzjanen
Boalsert sette alles op alles om de útprosedearre famylje Gazarov yn Nederlân te hâlden. Sa hawwe se tûzen hantekens ophelle. Dy waarden moandeitemoarn op it provinsje oanbean oan Kommissaris Nijpels. De famylje wie der sels ek by. De famylje Gazarov komt út Azerbeidzjan en is fiif jier yn Nederlân. De earste fjouwer jier wiene se yn Wytmarsum en it lêste jier yn Boalsert.