Restauraasje âlde klipper

13 jul 2004 - 09:40

Skipsbou Kroes yn Ljouwert begûn moandei oan in bysûndere put. It bedriuw sil in klipper út it jier 100 restaurearje. Hjirfoar moast it 40 ton swiere skip troch de loft op 'e wâl brocht wurde. En omdat Kroes gjin boatelift hat moast de klipper mei in grutte kraan troch de loft ferfierd wurde.

De restauraasje sil in jier duorje. De klipper sil yn 'e takomst brûkt wurde as wenark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)