Skearnegoutum - Cambuur: 1 - 6

13 jul 2004 - 00:00

Cambuur hie moandeitejûn yn 'e earste helte grutte problemen mei de amateurs fan tredde klasser Skearnegoutum. De rêststân wie mar 1-1. Jan Bruin skoarde al nei twa minuten en Richard de Jong soarge nei in heal oere ferrassend foar de 1-1 út in penalty.

Nei rêst joech de oanfallende oermacht fan 'e Ljouwerters de trochslach. Van Rijswijk, Houwing, Akachar en twa kear Miika Ilo bepaalden de einstân op 1-6.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)