'Ekstra stipe net altyd nedich'

12 jul 2004 - 17:47

Topman Offringa fan de Friesland Bank seit dat guon Fryske bedriuwen ek wol sûnder ekstra subsydzje kinne. Hy die syn útspraak freed, doe't er syn ôfskie yn 2005 oankondige. De Fryslân Bank is dêr neffens him in goed foarbyld fan.

Offringa sei dat foardat bekend waard dat der mooglik koarten wurdt op Langmanjild. Dat nijs waard sneon bekend. It ministearje fan Ekonomyske Saken wol de ekstra stipe oan it Noarden nei 2006 ôfskaffe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)