Schuil sterk yn European League

12 jul 2004 - 14:49

De Nederlânske folleybalploech is snein yn it Tsjechyske Opava as tredde einige yn 'e European League. Oranje wûn snein de striid om it brûns mei 3-1 fan Dútslân. Richard Schuil wie de bêste man fan it fjild. De oanfaller wie net te hâlden en skoarde 27 punten. Schuil waard ek huldige as topskoarer fan it toernoai.

It toernoai waard ferrassend wûn troch Tsjechië, dat yn 'e finale Ruslân fersloech mei 3-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)