VNO-NCW: behâld Langmanjild

© Omrop Fryslân
It is ûnbehoarlik bestjoer as it Ryk de Langmanjilden stopset. Dat fynt wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW-Noard. Steatssiktaris Van Gennip wol nei 2006 ophâlde mei it ekstra jild.
De ôfrûne tiid hat dúdlik bliken dien dat de stipe fertuten docht. De ynkommensferskillen tusken it Noarden en de rest fan it lân binne foar in part fuort. Fierders is de bydrage fan it Noarden oan de nasjonale wolfeart tanommen.