Helmholt wint fierljeppen

© Omrop Fryslân
Bart Helmholt fan Burgum wûn sneon it fierljeppen op It Heidenskip. Mei 17,61 meter wie er fierwei de bêste by de topklassers. Allinne doarpsgenoat Henk Schievink kaam mei 17,39 meter noch in bytsje yn de buert. Mark van Houten fan De Jouwer waard tredde mei 17,17 meter.
Jantine de Vreeze wûn mei 14,83 meter by de froulju. Sjoukje Tjalma waard twad mei 14,71 meter en Antke van der Wal kaam dêr krekt achteroan mei 14,64 meter.