Wieringers beheine fangst net

11 jul 2004 - 12:56

In tsiental garnalefiskers út Wieringen (Noard-Hollân) wegerje om har fiskfangst te beheinen. Dat ha se sneon bekend makke. Freed makken Nederlânske en Dútske fiskers de ôfspraak dat se per boat net mear as 2000 kilo yn de wike fange sille.

De ôfrûne tiid is de garnalepriis flink sakke, om't der sa folle fongen waard. Neffens sekretaris Dussel fan 'Vissers in Nood' kin de wegering fan de Wieringers oare fiskers de kop kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)