Ferset gemeentes tsjin Verdonk

© Omrop Fryslân
De Feriening fan Fryske Gemeentes is lulk op minister Verdonk. De minister sei ta dat der fertreksintra komme soene foar útprosedearde asylsikers. Mar dy sintra binne allinnich bedoeld foar asylsikers dy't foar april 2001 Nederlân ynkommen binne. Asylsikers dy't letter kamen falle ûnder in nije wet en wurde op strjitte set.
Dat kin net, fynt de Feriening fan Fryske Gemeentes. It is it doel dat alle boargemasters protestearje sille.