Frou ferwûne by bedriuwsûngefal

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige meiwurkster fan in winkel yn winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert is freedtemiddei ferwûne rekke by in bedriuwsûngefal. De frou wie by har wurk fan in stellaazje ôffallen. It slachtoffer wie dêrnei wat yn 'e war.
Se is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De lieding fan de winkel hat de arbeidsynspeksje warskôge. Dy sil it ûngemak fierder ûndersykje.