Dragraces yn Drachten

© Omrop Fryslân
It Drachtster fleanfjild stiet it hiele wykein yn it teken fan dragracing. It baanrekord leit op it stuit noch op 200 meter yn 4.18 sekonden. Besocht sil wurden om dat rekord te brekken.
It dragracespektakel yn Drachten is it grutste fan Nederlân. De ynternasjonale 'crème de la crème' fan de dragrace is dan ek oanwêzich. Freedtejûn waard der noch net riden op de baan omdat it reind hie, mar sneon gong it echt los.