'Koopjesdag' by Marcel Nijboer

© Omrop Fryslân
It wie sneon 'Koopjesdag' by Marcel Nijboer yn Twizelerheide. Dat hie te krijen mei it fallissemint fan de ûndernimmer yn meubels en tapijten. Kurator Van Oorschot hie it grutte spul dizze wike al oan opkeapers fan de hân dien.
Sneon waard it lytse guod ferkocht. Der kamen sa'n fiifhûndert minsken op de ferkeap ôf. De skuld fan Nijboer wurdt troch de kurator rûsd op sa'n 400.000 euro.