Ronald Mc Donaldhûs by MCL klear

10 jul 2004 - 14:16

It Ronald Mc Donaldhûs yn Ljouwert is klear, mar moat noch wol ynrjochte wurde. Freed krige de húsmaster al de kaai fan it gebou, dat njonken MSL-súd yn Ljouwert stiet. Alden fan earnstich sike bern dy't yn it sikehûs lizze, kinne fan septimber ôf yn it Mc Donaldhûs útfanhús. Se kinne sa dei en nacht by har sike bern wêze.

It Mc Donaldhûs hat oardel miljoen gûne koste, foar it grutste part betelle út jeften fan bedriuwen en ynstellings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)