Fertraging foar radio Waddenzee

© Omrop Fryslân
It slagget nei alle gedachten net om de stjoerder Radio Waddenzee noch dit jier yn 'e loft te krijen. It stasjon hie eins al begjin juny útein sette wollen mei programma's rjochte op toeristen. Waddenzee is nammentlik noch op syk nei in lokaasje foar in stjoerder.
Neffens de fergunning soe de stjoerder yn Stiens komme moatte, mar it radiostasjon hat dêr noch gjin gaadlik plak fûn. Radio Waddenzee wol útstjoere op middengolffrekwinsje 1602.