Bankdirekteur Offringa hâldt op

09 jul 2004 - 17:29

Foarsitter Age Offringa (54) fan 'e Ried fan Bestjoer fan 'e Friesland Bank sil april 2005 syn funksje dellizze. Offringa hat dat wurk dan 14 jier lang dien. Dêrfoar wie hy ek al 14 jier aktyf foar de bank. Offringa docht op eigen fersyk in stap werom. Hy sil takommend jier opfolge wurde troch 'immen fan bûten'.

Konserndirekteur Planning & Control Vlaskamp wurdt dizze moanne lid fan 'e Ried fan Bestjoer fan 'e bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)