Museumdirekteur: eask 4 jier

09 jul 2004 - 16:57

De offisier fan justysje hat tongersdei fjouwer jier selstraf easke tsjin de eardere direkteur fan streekmuseum Opsterlân. Hy wurdt fertocht fan heling fan juwelen en antyk en fan it meiplegen fan ynbraken. De offisier omskreau it gedrach fan 'e direkteur as 'schaamteloos graaien'.

Tsjin trije oare fertochten yn dizze saak waarden straffen easke fan sân moanne oant 3,5 jier. De útspraak is op 22 july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)