Wer fertraging sâltwinnen Frisia

© Omrop Fryslân
De sâltwinnerij ûnder Tsjummearum rint wer fertraging op. De boeren en oare lâneigners yn Noardwest-Fryslân hawwe op 'e nij gelyk krigen. Sy hoege gjin tastimming te jaan foar it oanlizzen fan sâltliedings troch har lân. De bestjoersrjochter hat dat sein.
Dizze maitiid hie de rjochter dat ek al sein. Op 4 juny tsjinne in nij koartpleit. Frisia-sâlt yn Harns hopet yn oerlis mei it ministearje no dochs op in oplossing.