Spannende slotdei NK Skaken

09 jul 2004 - 15:50

De lêste ronde fan it NK Skaken yn Ljouwert moat útwize wa't de nasjonaal kampioen fan 2005 wurdt. It wurdt of Loek van Wely - de kampioen fan 2000 oant en mei 2003 - of de Nederlânske Bosniër Ivan Sokolov. De twa skakers ha beide 6,5 punt út 8 ronden.

De lêste partij moat de trochslach jaan. Sokolov skaakt tsjin Yge Visser, Van Wely tsjin Friso Nijboer. As it nei dy partij noch gelyk stiet folget der op sneon in barraazje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)