Oerfallers Mediamarkt pakt

09 jul 2004 - 14:29

De kriminelen dy't earder dit jier op spektakulêre wize ynbrutsen yn de Mediamarkt yn Ljouwert, binne pakt. De dieven makken doe in gat yn it dak en naaiden út mei 25.000 euro oan beltegoeden.

De groep bruts ek yn yn in supermerk yn Balk en in wenning yn Ljouwert. De binde wie boppedat aktyf yn Rotterdam en dêr belutsen by ynbraken, oerfallen en in sjitpartij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)