Needlokalen yn Skoatterwâld

09 jul 2004 - 12:34

By it basisskoallekompleks yn de wyk Skoatterwâld fan It Hearrenfean wurde dizze simmer trije needlokalen pleatst. De skoalle hat ferlet fan ekstra romte, om't der hieltyd mear learlingen komme.

In part dêrfan komt út de wyk sels. Om dy reden woe de gemeente earder mar twa ekstra lokalen pleatse. Om foar te kommen dat de stream learlingen fan bûten Skoatterwâld noch fierder tanimt, sil de gemeente fan 't hjerst mei de skoalle om 'e tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)