Proef bestriding kastanjesykte

09 jul 2004 - 12:11

Tytsjerksteradiel start ynkoarten mei in proef foar de bestriding fan de kastanjesykte. Doel is om in spesjaal soarte fan kompost yn de grûn te ynjektearjen of de beammen te behanneljen mei wetter dêr't kompost yn sitten hat, saneamde komposttee.

De kastanjesykte liket wol wat op de jirpelsykte Phytophtora en lit kastanjebeammen stadich stjerre. It idee foar de metoade is fan in stazjêre op it kompostearterrein yn Sumar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)