Disneyfilm skewielet Pantera

© Omrop Fryslân
De reptile- en rôfbisteopfang Pantera yn Aldeberkeap wurdt troch de nije Disneyfilm Two Brothers ekstra yn it sintsje set. Op de posters en yn de advertinsje foar de film stiet it gironûmer fan Pantera.
De film giet oer twa tigerbroerkes dy't fongen wurde en skieden fan inoar ûnder de minsken opgroeie. Mar de tigers besykje te ûntsnappen en inoar wer werom te finen. Pantera is wiis mei it omtinken dat sy krije.