Wer in Skandinaviër nei It Fean

08 jul 2004 - 16:27

De Noar Andre Hanssen hat in kontrakt foar trije-en-in-heal jier tekene by SC Heerenveen. It wie al langer bekend dat de middenfjilder nei Hearrenfean komme soe, mar tongersdeitemoarn binne de lêste formaliteiten ôfhannele.

De 23-jierrige Hanssen spilet no noch foar Bodo/Glimt yn Noarwegen en makket dêr earst de kompetysje ôf. Ein desimber of begjin jannewaris komt er nei Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)