SC Heerenveen wint fan GielWyt

07 jul 2004 - 22:21

Sportclub Heerenveen hat woansdei de oefenwedstriid tsjin de twadde klasse amateurs fan Giel Wyt op Amelân mei 4-0 wûn. De hurde wyn spile de spilers bot parten. De earste twa doelpunten fan it Fean waarden foar rêst makke troch Marcel Seip en Jesper Hakanson.

Nei de tee kamen der noch twa by fan Giorgios Samaras en de 18-jierrige Dennis Kalincov. Dy is op proef fan it Belgyske Anderlecht. De kâns is grut dat er in kontrakt krijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)