Swimbad Kealledykje earder klear

07 jul 2004 - 22:11

Swimmers kinne in healjier earder terjochte yn it nije Kealledykje as de bedoeling wie. De gemeente Ljouwert makke boppedat bekend dat it swimbad ek finansjeel in tafaller is. De oanbesteging falt sawat in miljoen euro goedkeaper út as ferwachte. It bad wurdt boud troch Projektûntwikkeling Drachten, ûnderdiel fan de Windgroep.

It nije swimbad wurdt oan de besteande sporthal It Kealledykje fêstboud op it plak fan it âlde bad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)