Boetes foar tankstasjons

© Omrop Fryslân
By mear as de helte fan de lpg-tankstasjons is net goed tocht oan de feiligens fan minsken dy't tanke. By in kontrôle fan de Fryske gemeenten en de plysje die bliken dat 70 fan de 134 bedriuwen de regels oertrede.
It giet bygelyks om it ûntbrekken fan brânblussers. 44 tankstasjons krigen in proses-ferbaal. Wurdfierder Schuitema fan brânzjeferiening BETA seit dat de tankstasjons har nocht derfan ha om hieltyd wer min yn it nijs te kommen.