Boer rydt oer swannen hinne

07 jul 2004 - 17:47

In 28-jierrige ynwenner fan Achlum is bekeurd om't er mei sin oer in swan hinne ried mei de auto. De boer wie hellich om't der in tal swannen op syn lân by Sopsum sieten.

Neffens de man frette de kij it gers net mear dêr't de swannen skiten hawwe. De Achlumer gie mei de auto it lân yn en dreau dêrmei de jonge swannen by de âlden wei. Doe ried er oer de jongen hinne. Ien kaam ûnder de tsjillen. Omstanners hawwe de plysje ynformearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)