Slachtoffer oanriding ûnbekend

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân wol graach tips ha oer de identiteit fan in man op in fyts dy't ôfrûne moandei by Offenwier oanriden waard. Hy ferstoar letter yn it sikehûs. It giet om in nochal stevige man fan likernôch 75 jier âld. Hy hie brune slippers oan.
Hy ried op in âld fyts fan it merk Rental. Oan de fyts siet in opfallende sleutelhinger, mooglik ôfkomstich fan Hawaï. De man hie gjin beurs by him. It nûmer fan de plysje is 0900 - 8844.