Brêgen Middelseerûte wer iepen

07 jul 2004 - 16:49

De Langlânsbrêge by Dearsum en de Dillebrêge tusken Easterwierrum en Raerd binne wer yn gebrûk foar it ferkear. Ek kin it ferkear wer gebrûk meitsje fan de Grienedykbrêge by Snits.

De Middelseerûte is dêrtroch ek wer in stapke fierder. Der wurdt wurke oan in trochfarhichte fan 2,5 meter foar dizze histoaryske farrûte. De rûte moat foar it farseizoen fan takom jier klear wêze. It farferkear troch de Swette by Skearnegoutum is noch wol stremd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)