Stikjes potfisk goed ferkocht

07 jul 2004 - 15:40

Yn twa dagen tiid hawwe al 100 minsken in stikje kocht fan de potfisk dy't ôfrûne sneon oanspielde op Flylân. Ynformaasjesintrum De Noordwester op Flylân sette in ynsammelaksje op tou foar it preparearjen fan de potfisk.

Minsken kinne foar 25 euro in sintimeter keapje foar de preparaasje. Yn twa dagen is de earste meter ferkocht. De totale kosten binne goed 35.000 euro. Yn juny takom jier is it skelet fan de potfisk te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)