Ljouwerter Skrâns oer de kop

07 jul 2004 - 12:24

Ljouwert set oare jier út ein mei in yngripende werynrjochting fan de Skrâns. Tiisdei presintearre de gemeente syn plannen oan winkeliers en bewenners. Maitiid 2005 wurdt de riolearing fernijd en oanslutend wurdt de strjitte opknapt.

It parkearen ferhuzet nei in midden- stripe dêr't ek linebeammen komme. De smelle stoepen wurde twa kear sa breed en auto's meie noch mar 30 km ride. De Skrâns hâldt syn twarjochtingferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)