Subsydzje foar rioelprojekt

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel krijt in subsydzje fan 300.000 euro fan it Ryk foar in projekt dat foarkomme moat der reinwetter yn it rioel komt. De ryksoerheid ferwachtet dat der yn de takomst troch klimaatferoarings gauris swiere reinbuien foarkomme sille.
De kâns is grut dat it rioel oerrint en dat der smoarch wetter yn de sleat komt. Dêrfoar wurde ek wol 'berch- besink-bassins' brûkt, mar it is better om skjin reinwetter apart te hâlden.