KNRM test nije rêdingsboat

© Omrop Fryslân
De Keninklike Nederlânske Rêdingsmaatskippij test op it stuit in nije rêdingsboat foar Lauwerseach. De besteande boat wurdt oer fiif jier ferfongen troch in nijer type. It giet dan om in heal-iepen boat fan 9 meter lang.
Der is al in prototype boud, mar it die bliken dat dy te licht wie. De boat gie boppedat ferlern by in brân op de werf dêr't er boud waard. Der is ferfolgens in nije testboat boud.