Drachten wol Suderseespoar

© Omrop Fryslân
Smellingerlân hâldt fêst oan de halte Drachten oan it nije Suderseespoar. Drachten kin meiprofitearje fan in rappe ferbining tusken de Rânestêd en it Noarden. De rie fan Smellingerlân spruts tiisdei ienriedich syn foarkar út foar it Suderseespoar as magneetsweefbaan of HegeSnelheidsLijn.
De Twadde Keamer liet him foarige wike kritysk út oer it djoere Suderseespoar. De foarkar liket no út te gean nei de Hanze-plus-lijn, sûnder Drachten.