Dales kritysk nei provinsje ta

07 jul 2004 - 10:35

Ljouwert hat der wer in poëzystien by. Tiisdei waard it tablo mei it Hollânske gedicht Friesland fan de dichter Ed Hoornik ûntbleate. It is in geskink fan de provinsje oan Ljouwert om't dy 500 jier haadstêd is.

Boargemaster Dales hie it yn syn Fryske tankwurd oer de gauris drege relaasje tusken Ljouwert en de provinsje. Ek sei er it frjemd te finen dat de provinsje útmakke hie hokker gedicht op hokker plak kaam, ntl. foar it Provinsjehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)