B. en W.: neitinke oer Eringa

07 jul 2004 - 10:33

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert sille pas nei de simmerfakânsje in beslút nimme oer trouamtner Nynke Eringa. De situaasje om Eringa hinne is wer feroare nei it beslút fan 'e ried dat Eringa fuort moat. Neffens de ried is der gjin plak foar in trouamtner dy't wegeret om homostellen te trouwen.

It kolleezje woe Eringa oant 2015 yn tsjinst hâlde. Boargemaster Dales wol de simmerfakânsje brûke om 'goed nei te tinken' oer dizze kwestje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)