Van Wely ferslacht Sokolov

© Omrop Fryslân
By it NK skaken yn Ljouwert is de spanning wer hielendal werom. Loek van Wely wûn tiisdei yn in spannende partij fan Ivan Sokolov. Troch de winst fan Van Wely steane Sokolov en hy no wer gelyk oan kop mei 4,5 punt.
Yge Visser luts tsjin Erik van den Doel op 'e nij oan de koartste ein. Visser stiet no lêste yn it klassemint mei ien punt. Tiviakov wûn fan John van der Wiel, L'Ami wûn fan Bosboom en Nijboer spile remise tsjin Stellwagen.