Opnij fúzjebesprekkings boeren

© Omrop Fryslân
De fúzjebesprekkings tusken boere- organisaasjes NLTO, GLTO en WLTO geane wer fierder. De ambysje fan de trije organisaasjes bliuwt de oprjochting fan de nije organisaasje LTO-Noord. Dy moat de belangen behertigje fan de boeren yn de njoggen provinsjes noardlik fan de grutte rivieren.
De besprekkings rûnen ferline wike fêst om't der te min finansjeel foardiel wêze soe foar de noardlike boeren. Dêr sil no better nei sjoen wurde.